Helden

Sy dy’t foar ús foelen
Sille wy nea ferjitte.
Se binne de helden fan eartiids
En ek fan hjoed, dat mei elts witte.

Har libben ha se foar ús weage
Faaks noch jong, noch net sa âld.
Mei in moaie takomst noch foar eagen
Fjochtsje foar in better wrâld.

Stapke foar stapke op wei nei de frijheid.
Krekt as fugels dy’t fleane oer de Fryske grûn.
Stapke foar stapke it sa graach wolle
En dochs krekt net de frijheid fûn.

Krekt as Martin Luther King hiene se ek in dream
Dat alles goed komme soe.
Dat minsken neist mekoar libben yn frijheid
En dat der frede wêze koe.

Gjin maitiid, gjin simmer en gjin winter
De dream ferfleach op in tryste dei.
Gjin leafde, gjin frijheid en gjin takomst
De wyn naam alle dreamen mei.

Geartsje