Ta oantinken

Jierenlang ha wy dy kinnen,
Sa kreas en fier,mids yn it làn.
Altyd oan,mei al dyn krèften
Soargest,foar ùs boerestàn

Hjerst en winter brochten oerlêst,
Stikken wetter hast ferslein.
Mar mei de leste fûle hjerstwy,
Kaem ek foar dij, it ivich ein

Wy soenen wakker om dy tinke,
Sa neaken, dêer yn wyn en rein.
Hwant doû moast ommers net fordwine…
In praetsje- dêrmei wie ek alles sein.

‘k Sil dy misse,âlde moune,
As ik op nei Frjentsjer gean.
Sa yn it fjild, tusken de tourkes,
Sjoch ik dyn byld dan net mear stean.

In leste groet, oan dy âld moune,
Yn tinzes- tusken nôt en kij –
Hwat earst foar ús sa hiel gewoan wie,
Is no forgetten en – foarbij-

Tsummearum Jan H. Westra.