It stuoltsje …

Japik Wytses, ek al santig,
Hie noch mar in goed gehoar.
Sei in jûn sa tsjin syn wyfke,
Der binne minsken by de doar.

Froukje, frijwat deun mei’t knipke,
Tocht, wy sille it wer ha.
Wa bin’ no wer oan it skoaien,
Om sinten, foar it korps of sa.

Jûn, sa seine Gryt en Klaske,
Wy komme foar de rommelmerk.
Hawwe jim ek spullen oer,
It komt te’n goede oan de tsjerke.

’t Hoecht net opslach en daliks,
Wy ha noch trije wike tiid.
Alles wat jim misse kinne,
Mei in lytse bin’ wy bliid.

Deselde jûns sei Frouk tsjin Jabik,
Op ‘e souder stiet in stoel.
‘k Hie sa tocht dy moat der hinne,
Wat moat’ wy mei dy âlde boel.

It boppeein sit fol mei môge,
Ja ik sis ’t mar sa’t it is.
Foaral dy skurve sitting,
En it rûkt net al te fris.

Dat kaam Jabik oan it herte,
Der klonk weemoed yn syn stim.
Wêrom moat wy dat no misse,
It stuoltsje is noch fan ús mem.

Do haste noch wol oare rommel,
Dyn kasten sitte fol mei guod.
Hâld dêryn ris tige romte,
Jou wat fan dyn eigen fuort.

De sneontemoarns ried lytse Bauke,
Troch it doarp mei kêdde en karre,
Tusken allerhanne guod,
Stie it stuoltsje, lang biwarre.

De wyks dêrop, in protte minsken,
Gyngen der it pleintsje rûn.
Men seach jin ‘d eagen út ‘e holle,
Mannichien dy’t der wat fûn.

De measten diene dêr wat hannel,
Al wie it faak mar o sa lyts.
Wie it grut of wat ûnhandich,
Kaam it efter op ‘e fyts.

It bistjoer wie sa tefreden,
Hienen hast gjin guod mear oer.
Nee, dat hien’ se net ferwachte,
Hja barden noch in moaie stoer.

It kin yn ’t libben frjemd beteare,
It âlde stuoltsje dat wat stonk,
Stiet no wat húskes fierder,
By Jilles Joukje wer te pronk.

Tsummearum 25-3-’89. J.W.H.