De fiskers. . .

It heucht ús noch, as wie it Juster,
Dy boatsjes, efter de sedyk.
Se wiernen fan de hearringfiskers,
Har bistean, net botte ryk.

Mei it gean fan de getijen,
Swalken hja oer 't wide Waed.
Men fiske yn in eigen rigel,
Elkenien hie sa syn paed.

Fûkenfol mei sulveren hearrings,
Moedsum yn 'e boaten helle.
Harren lean net bjuster heech,
Waerd mar amper utbitelle.

Binnen, fol meigroue fisken,
Tôgjend oer it glisterich strân.
Waerden faek net iens forsutele,
Kamen dan mar oer it lân.

Winterdeis, dan wie it liddich,
Hy joech him del by 't fmsterrút.
Noflik bij de hekjekachel,
Breide hy syn fûken út.

Op 'e joun, as feste regel,
Noch in eachweid oer de se.
Stoarje, nei de wylde baren,
By de dyk, it weidzjend fé.

Us tinzen gean nock faek en folle,
Nei de fiskers fan sédyk.
Sa soun en sterk, sa dreech en krigel,
Fan it bealchjen suver bryk.

Sjugge wy nou nei de kimen,
Docht it ús noch efkes sear.
It Waed, mei al dy moaije, swarte boatsjes.
Ne', dy binne d'r net mear.

Tsjommearum, maijtiid 1983 J.H.W.