De swalker…

Moarnsbetiid al drok en dwaende,
Stiet hy klear, yn fol ornaet.
Om syn handel te fokeapjen,
Op it kristelike paed.

Mei de bus nei alle doarpen,
Giet hy dan fan doar nei doar.
Yn ‘e hân, it lytse krantsje,
Freget dêr in jefte foar.

Altyd freonlik en sa moedich,
Ek al keapet men it net.
Winsket elk it alderbêste,
Tikket efkes oan de pet.

Bisiele fan de alderneiste,
Mei de geast fan Hegerhân.
Swalket hy troch alle strjitten,
Kloppet dan ek oeral oan.

Men kin allang it warber mantsje,
Al wit men ek syn namme net.
Hy is ien fan ’t greate leger,
Dat de hiele wrâld omfet.

Yn kafé ’s en dat soart tinten,
Giet hy mei it buske roun.
Mannichien taest yn ‘e bûse,
En rojael in offer jown.

Op de feestelike dagen,
Sjongt hy mei yn ’t machtich koar.
Yn ’t sikenhûs foar alle minsken,
’t Is in lust foar it gehoar.

Mei de krysttiid op ‘e strjitte,
Meastal foar in winkelrút.
Kuiert hy dan mannich ûren,
Eaget alle kanten út.

Yn ’t foarby gean, yn ‘e drokte,
Stiet hy dêr, de troue wacht.
In bliere laits en sûnder wapens,
Dat is wol syn greatste macht.

Wurch, fan it lange swalkjen,
Komt hy mei syn jeften thús.
Foldien en sa tefreden,
Draecht hy blier syn libbenskrús.

Ienris thús, de âlde swalker,
Jowt him del op ’t iene ear.
De dei is wêr forstrutsen,
En hy tanket dan syn Hear.
Mochten alle goede minsken,
Dy d’r op ‘e wrâld noch binne.
Mei de selde geast en sûnder wapens,
Yn dat greate leger rinne.

J.H.W.