It nije jier….

In jier is wer forstrutsen,
Yn de yvichheit bilâne.
Ekonomen diene boadskip,
Wy libje op in skerpe rânne.

Elkenien kriget nou minder,
Sels ek by it űnderwiis.
Stake koe men net bigripe,
Mannichien foun dat in griis.

De hiele wrâld sit yn de skulden,
Alle lânnen stean yn ’t kryt.
Men bid en frget sa om frede,
Mar it jout ús noch gjin byt.

Machten fan de heechste oarder,
Hawwe rounom wapens set.
Dat is ek al foar de frede,
Brűke kinne wy se net.

Krysttiid, ek al sa ienfâldich,
Bigripe dienen wy it net.
It lytse berntsje yn it kribke,
Hat ús dochs ta tinken set.

Dat wie doe wol sa bihindich,
Yn wat doeken en wat strie.
It hat ús sa bikropen,
Dat Hy no ús redder wie.

Aldjiersnacht, doe by de wiksel,
Opgien yn de nijjiersmoarn.
Bin’ miljoenen węr forsketten,
En wy soenen kalmer oan.

Soarchlik, oer de jonge minsken,
Har takomst laket net sa blier.
Mar wy geane dochs wer fierder,
Hopelijk, nei in goed nijjier.

Tsjommearum 1983 J.H.W.