DE BRIEVEBUS

Oanrin: Wy rinne yn it libben oan in bulte dingen foarby,
Omdat wy der net by trochtinke wat wy foarby rinne.
Dochs binne der fan dy dingen,dy’t ús omtinken mear fertsjinje as ornaris it gefal is.
Ien dêrfan is dan grif de brievebus en dêrom litte wy dy no efkes oan it wurd.

Altiid oan ‘e selde muorre,
Hingje ik hjir op ’t selde plak.
Bulten minskelike tinzen
Fine hjir har ûnderdak.
As de minsken my foarby gean,
Tinkt men meastal net oan my.
Dochs bin ik it dy ’t earst alles
Wat hja witte, yn my krij.

Mei ik jim hjir noris sizze,
Wat ik allegear yn my ha?
In ferskaat fan al dy brieven
Bringt it minsdom nei my ta.
Brieven, fleurich, saaklik, earnstich,
Wurde yn myn kastke wei.
‘k hoopje, as dit lietsje út is,
elk dêr ek oan tinke mei.

‘k Ha in brief hjir, wat in dochter
skriuwt oan mem oer’t heechste lok:
De ferwachting fan har earste….
,,Mem wit wol, no wurdt it drok.
Alles is hjir bêst yn oarder,
‘k bin neat brek, foar ’t wurk in faam.
Dochs woe ik, wêrom wit ik net,
Dat ús mem no by my kaam.”

In soldaat skriuwt ek nei hûs ta:
,,Heit en mem, ik bin goed sûn.
‘k Ha’t hjir bêst, dat moat ik sizze.
Freonen ha ik hjir al fûn.
Mar ik fyn it o sa spitich,
Dat ik net nei hûs ta mei.
‘k Woe sa graach by jimme wêze,
Mei de Kryst en Aldjiersdei.”

Dan, in mem skriuwt oan har jonge,
Dy ’t op see skrept om syn brea:
,,Noed hie ‘k altiid mei dyn libben,
No fiel ik myn eigen lea,
Want do witst, ‘k sil tachtich wurde…
‘k Bid no elke dei ús Hear,
Datsto mei myn jierdei thús bist
Jonge, ’t is de lêste kear…”

Ek in jonge yn ‘e frjemdte
Skriuwt: ,,Ik ha it hjir sa goed.
Altyd sûn, ‘k fertsjinje aerdich
En ik bin fol goede moed….”
Mar dat briefke fan dy jonge—
De lêste rigels binne sa:
,,’k Ha it bêst hjir yn é frjemdte,
Mar ‘k woe graech nei Fryslân ta!”

Hjir in skriuwen fan in seeman,
Swalkje moat hy, ier en let.
Bot is ’t skriuwen, neat net leaflik,
Och, soks kin in seeman net.
Mar de alderlêste rigels
Binn’as sinne troch de mist:
,, ‘k Hoopje dasto mei ús jonge,
As ik kom oan ‘e haven bist.”

Brieven, brieven, nochris brieven;
Brieven lang en brieven koart;
Brieven mei in fylsetaasje,
Brieven mei in rântsje swart;
Leafde, haat en fleur en smerte—
’t komt by my, ja dat is wis;
’t Blykt, al bin ik dan gjin minske,
In bulte yn my omgien is.

J.H.W.