It kastke
Durkje wie al tiden minnich,
Dokter kaem dêr oer de flier.
Yn ‘e rach en mei de mage,
Har libben wie ôfgrys’lik swier.
It wie nei Douwe minder wurden,
Dy wie fleurichop fan toan.
Stipe meast ’t krebintich wyfke,
Hie in bulte lijen hawn.
In neiteam wie har net bisoarge,
Miskien hie’t dan wol better gien.
De handel,die hie Douwe makke,
Mar Durkje klage stien en bien.
Dokter kaem meast om ‘e wike,
Ek by harrentroch de doar.
Undersocht it âlde lichum,
Skriuwdedan wer pillen foar.
Se koenen beide skoften prate,
Eiden alle nijtsjes oer.
Durkje koe dat wol bitelje.
En foun dokter net te djûr.
Bûrfrou Hiltsje sei dan wolris,
Jo moatte d’r hwat faker út.
Troch har âlde stifuotten,
Siet hja meastal foar it rút.
Durkje roun al nei de tachtich,
En se hie fan ’t moaijste guod.
Finsterbanken fol mei blommen,
Leave minsken wat in prot.
By it finster stie in kastke,
Dat gie ek al jierren mei.
Dokter foun it al sa prachtich,
Seach der faek mei niget nei.
Durkje moast de wrâld forlitte,
Dûmny spriek in treflik wurd.
En dêrnei kaem de notaris,
Mar do gie it hurd om hurd.
Foar de dokter wie it kastke,
Mei de stelten op ‘e hoeke.
Sa wie dat troch har biskreaun,
De neisten moasten bakseillûke.
Dokter die de doarkes iepen,
Rôp lûdroftich- kik eens Mien-,
It kastke siet noch stiiffol doaskes,
Mei de pillen d’r noch yn.
Minsken binne faken syklik,
Iensum en in brutsen hert.
En foar soksoarte kwalen,
Helpe ek de pillen net.
Tsjommearum, hjerst 1982 J.H.W.