Underweis...

Alle dagen fan de wike,
Fleane se oer de greate dyk.
Auto's yn forskate kleuren,
Nei it wnrk en it febrvk.

Hjir en dêr noch ien op 't fytske,
Skoalbern mei de aktetas.
Sa as eartitds op 'e klompkes,
Rinne komt net mear fan pas.

Altyd skreppe, nea net wachtsje,
Dêrtroch komme ek de brokken.
It hert dat skodded yn 'e hûd,
Se ride mannich fan 'e sokken.

Greate bern, krekt fan de skoalle,
Moatte gau it riden leare.
Oars dan docht men net mear mei,
En nimmen kin it keare.

Mannichien is út de skroeven,
Hwat it kostet kin net deare.
Stroffelt men ek oer de priis,
Autoriden sil men leare.

Lange, greate autobnssen,
Gys’lje hastich troch de stêd.
Mannen op it hege stoeltsje,
Draeije linich oan it rêd.

Troch de doarpen en gehuchten,
Hat men nou it streekferfoer.
Hjir en dêr stean by de haltes,
Minsken mei de tas en koer.

De sjauffeur docht dan in stimpel,
Op in lange strippenkaert.
En hij skeakelt as de duvel,
Hwant d'r is net folle praet.

Alles giet nou sa mechanysk,
Doarkes iepen, doarkes ticht.
Alles is dan yn beweging,
Elkenien docht sa syn plicht.

Yn 't forline mei it lûkskip,
En ek mei de bolderwein.
Wie it sa gesellich,
D'r waerd ek noch in wurdsje sein.

Wy hawwe nou ek al reketten,
Nei de moanne foar plesier.
Iten by ús neisten bringe,
Fine wy hwat al to fier.

Wy moatte noch in bulte leare,
Mar foaral ek op 'e dyk.
Doch tonei in bytsje kalmer,
In minske is algau in lyk.

Dêrom noch in lêste frage,
Flean dan ek sa hurd net mear.
Elkenien dy wol graech libje,
Wêz ek hear yn it ferkear.

Tsjommearum, simmer 1982 J.H.W.