Kearsljocht

Mei it koarten fan de dagen
Gean śs tinzen faak tebek.
Nei it jier, sa moai en sinnich,
Ek oan iten gjin gebrek.

Ryklik wie ek wer de ūnrźst,
Dy 't d'r libbet op'e wrāld.
Altydoan mar egewearje,
Oer in grut en sterk bewāld.

Wy fielden us sa heech en machtich,
Tige skoarje tsjin it kwea.
Yn'e fierte en om śs hinne,
Fūn wer mannichien de dea.

Miljoenen minsken troch de strjitten,
Yn it herte o sa bang.
Lit śs dochs yn frede libje,
Hald dy wapens yn betwang.

Neisten sttte stil te skriemen,
Wat hja dit jier ha ferlern.
In Heit, in frou, in alderneiste,
In Mem, dy 't rouwet om har bern.

De fjilden binne keal en neaken,
it eachweid, tige wiid en rom.
De Wyn, dy rūzet troch de beammen,
Natūr leit yn syn winterslom.

Kearskes sille aanst wer ljochtsje,
Tusken mosk en dinnegrien.
Elkenien hat syn betinken,
En der falt noch fest in trien.

Klokken fan it Krystfeest liede,
Oer in bange, neare wrāld.
Us Ferlosser, yn it kribke,
It ferkaal is al sa āld.

Wij langje sa nei rest en frede,
Wat helder ljocht yn dizze tiid.
Net in wrāld, folsūne minsken,
Sūnder sykte, sūnder striid.

Wy moatte fakentiids berźste,
Al hoe hurd de tiid ek flocht.
ienris moat de minske būge,
Foare it Alderheechste Rjocht.

J. H. W. Tsjommearum, Krysttiid, 1983