Niget.

Wij sjugge altyd om ús hinne,
wêr in oar mei dwaende is.
Mei in protte kommentaren,
Hwant wij binne sels sa wis.

Sjuch, dêr ha jo lytse Simen,
Ek al op in nije jyts.
Dan freget men, ho is it mooglik,
Hwant de bern dy bin' noch lyts.

Moat jo sjen nei Martens Luutske,
Wêr dogge se it wei.
Al wêr in moaije neije jûpe,
Net foar Snein, mar foar de dei.

En it soantsje fan de dokter,
Ek noch mar in jonkje,
Al in greate bokkekarre,
Dy ha grif hwat mear yn’t pongkje.

Komme jo by Berends Baukje,
Alles yn it tsjûke plus.
En de djûrste eken stuollen,
Now dy man dy hat in krús.

Teake Tryn, dat earme sloofke,
Dat hie ek wier net moatten.
Hja forwachtet, ha ik heard,
De alfte, mei koarten.

Douwe en Tiet, dy sille boue,
Op in skiterich hoekje lân.
Net in Neil om op to biten,
Ho dourre se it oan.

Dan dy Sies, fan Jan en Japke,
Har winkeltsjc, mar o sa lyts.
Dy Ryd al pot Jandoarje,
Op in greate moterfyts.

Sneins, ûnder it tsjerkfolk,
Manlju, yn har pakken klean,
Froulju, mei de moaijste mantel,
Elk wol yn it nijste gean.

De klok, dy lied four Berends Baukje,
Dat wie it wyfke yn it plús.
Nei in koarte, slimme sykte,
Gie hja nei it Ivich thús.

Oan'e kant, dêr steane minsken,
As d’r immen is forstoarn.
By it ôfskied fan it libben,
Hat men dêr noch Niget oan.

Tsjommearum, Maye 1983. J.H.W.