It Doarpke

Earne leit in leaf lyts doarpke,
Eartiids berne út de see,
It is dêr stil en fredich,
Mei it wol en ek it wee.

It lân jout rom en ryklik,
Men hat it nei it sin,
De mienskipsin fertroulik,
Om 't de ien' de oare kin.

'k Ha dêr wenne, 'k har dêr boarte,
't Wie foar my in hillich stee,
'k Seach de wide, fiere kimen,
En de fiskers op de see.

Moat ik ea de wrâld felitte,
It ierdske libben my tefolle,
Soe ik op dit fredich plakje,
Wol foar ivich rêste wolle.

Tsjummearum, J.H.W.