Ofskied..

Dêr de dyk it lân omklammet,
Och, hwa kin dat ferske net.
’t Is faek foar de measte friezen,
O sa nei, oan ’t eigen hert.

It Fryske lân, fol rom en eare,
Oerein riist út de sé,mei striid.
Friezen binne store minsken,
Har eachweid, sa ûneinich wiid.

Jimmeroan dat ivich wrakseljen,
Bodzje tsjin de wetterfloed.
Earst al wenje op ‘e terpen,
Altyd siet men yn de noed.

Us foargeslacht is oeral priizge,
De diken foar it hege tij.
Dêrefter moaije griene fjilden,
De greiden fol mei bûnte kij.

Har eigen tael bleau ek biwarre,
Stride foar it selsbihâld.
Friezen, de oprjochte wrotters,
En bikend oer hiel de wrâld.

It fruchtber lân,sa moai yn parten,
Men hie it tige nei it sin.
Sa kamen ek de grietenijen,
Hwer elkenien torjuchte kin.

Mannich skriuwers ha it samle,
De histoarje, brocht ta ien gehiel.
De rike skiednis moast biwarre,
Fan ús moaije Barradiel.

Dat moat no opslach foraorje,
De hege heren ha it sein.
Us grietenij moat mar fordwine,
Foar Barradiel it iivich ein…

Wy kinne it mar net bigripe,
En it is sa tsin ús eigen wil.
Dat dy ieuwen âlde namme,
Nou forgoed fordwine sil.

Yn it bigjin al tige mastere,
Oan it seare barra-bil.
Né, it hiele lichum moast ferdwine,
Nei de wet fan ’s heren wil.

De takomst sil it ús wer leare,
Wy bin ‘binijd hoe ’t komme sil.
En kinne it mar min fortarre,
De ús bisoarge barra-pil.

Tsjommearum, winter 1980
J.H.W.