Kreakelingen….

It wie in pré dy kreakelingen,
De bakker hie se, sêft en swiet.
En wol op heechtijdagen,
Dat ús folk sa lekker iet.

Berte en by bliidskip,
Bistruit mei ryk‘lik swiet.
By ôfskied en forstjerren,
Sêft en bros, der wie fortriet.

De priis wie net fan it goedkeapste,
Men naem it wier net elke dei.
Mar kaam der ûnforwachts bisite,
Dan parte die ek mei.

Dizze soarte kreakelingen,
Sjucht men nou net mear.
’t Is nou gebak of rjemmetaertsjes,
Moai yn stikjes, kant en klear.

Hjoed de dei, hoe is it mûglik,
Binne se der wer.
Op hiele moaie heechtijdagen.
Yn ‘e stêdden, her en der.

Men brekt se fuort oan alle stikken,
Troch de pelysje mei in houn.
En lizze faek oeral forsmiten,
Yn ‘e strjitten op ‘e groun.

Dizze soarte kreake-lingen,
Fine wy wat al te djûr.
It is net fan de echte bakker,
En binne ús ek fiersto sûr.

Jou ús mar werd dy fan foarhinne,
Mei sûkerguod en lekker swiet.
By nasjonale heechtijdagen,
Mei in fleurich Hollânsk lied.

J.H.W.
Tsjommearum foarjier 1980