Rútsjetikke…

As eartiids yn ‘e lytse doarpkes,
De skimer oer de fjilden foel.
Wienen de opslûpen jonges,
By lange net noch op ‘e stoel.

Mei in ploechje kameraden,
Gie men gau ris der op út.
Mei hwat jerntried en in stientsje,
Tikje op in oar syn rút.

Hja sochten meastal krekt dy húskes,
Faek de minsken oan it miel.
Sieten yninoar goed forskûle,
Efter hage en strewiel.

Fan to foaren al bisprutsen,
Hwer de grap it bêste foel.
Mar it wie wol de bidoeling,
In lilke heit, moast fan de stoel

Hwat wie sa’n man pûrrasend,
Fleach troch de doar mei lange skonken.
Rôp lûdroftich troch de joun,
Ik brek jim allegear de bonken.

Sokke fiten hie men earder,
De jonkheit hat it nou wer oars.
De measten sitte alle dagen,
Rêstich foar de telefysi-doas.

It tikjen, komt wer yn ‘e moade,
Dat seinen ús de nijsbirjuchten.
In greate jonge, út ús lân,
Bigoun wer mei dy frjemde kluchten.

Net yn it lyts, lykas foarhinne,
Mar mear yn Europeesk forbân.
Mei kreft, bigoun dy wer te tikjen,
Hy hie hwat út in glêske hawn.

Mar och myn leave frede-ling,
Soks giet dochs fiersto fier.
Mei jiskebakken smite,
Dan komt de plysje oer de flier.

Us lânntsje hat in goede namme,
Wêz yn it forfolch net kleureblyn.
En smyt net wer mei jiskepantsjes,
De piperdjûre glêzen yn.

Tsjommearum, hjerst 1979 J.H.W.