Grinzen….

It is der dochs fan kommen,
De oerheit hat it wûn.
In stikje fruchtber Barradiel,
Is samar Biltske grûn.

De measten sille it net fernimme,
Barradiel wie al sa âld.
En altydoan mar dat feroarjen,
Lit de measte minsken kâld.

As men goed en knap fertsjinnet,
It wiet en droech krijt op syn tiid.
Hat men net sa folle easken,
En freget nem ek net om striid.

De inkeling lit him net liede,
Dy hâld noch fêst oan it ferline.
Al it nije fan de tiid,
Dat kin hi mek net bine.

Dat die bliken op ‘e buorren,
Yn it doarpke Minnertsgea.
Dêr wie in wyfke sa pûrrazend,
Sa hearre jo it net.

Dêr stie in mânske fiskekarre,
Op ‘e âlde dimpte feart.
De keapman wie in fleurich baaske,
In mûltsje, jo ha it noait sa heart.

Dy sei, meefrou, wat mot it worre,
Bakte heerrings of út ’t suur.
Jou kinne hier fan alles krije,
Foor in pryske, niet te diir.

It kribbich minske sei fuortdaliks,
Kinne jo it Frysk net mear.
De skieding fan ús âld gemeente,
Docht ús noch sa sear.

Ja mefrou, dat kin wel weze,
Maar it ferleden hewwy had.
Jou motte nou met ons as Bildtkers,
Met syn mooie taal op pad.

It minske lilk en sa ferskuorrend,
Makke daliks rjochtsomkeart,
It mantsje moast d’r wol om gnize.
Yn syn karre op é feart.

It kin yn ’t libben frjemd beteare,
Men hat fan folle talen heard.
Mar de measte boerske minsken,
Ha it Biltsk dan ek net leard.

Tsjommearum, Foarmoane 1984
J.H.W.