Skuon

Op in moarn, it wie by tsienen,
Doe kaam dûmny troch de doar.
Dat wie by Lútzens Hiltsje,
De kofje prottele op't komfoar.

Hea, dêr ha wy dûmny,
No, dat komt net faken foar,
Ja, ik wol ris mei jo prate,
Oer it iene en it oar.

Jimme binne noch at machtich,
En, it soppet tink net rom!
Kin Djoke ús ek helpe,
As ik dan wat temjitte kom.

Lútzen sei de jûns tsjin Hiltsje,
Do moast it mar berêde,
Dat dûmnys wyfke, sa tinkt my,
Is net sa’n makke kêde.

Djoke soe d'r dochs mar hinne,
Al hoe’t earst ek like.
It skeelde deis in miel,
It lean, twa gûne yn ‘e wike.

't Fanke koe har duvelsk rêde,
Aftyd sa optein en blier.
Ja, it wie in sterke donder,
In tsjeppe faam mei kroljend hier.

Mefrou dy sei, dit ha wy troffen,
Rûn sels net hurd utein.
Djoke dy koe alles tille,
En Se fleach hast as in trein.

Op in dei, hoe wie it mûglik,
Wie mefrou har skuon kwyt.
Dy moasten d’r perfoarst werkomme,
Myn leave help, dat joech gjin skyt.

Rûnom sykje, yn alle hoeken,
Wat wie dit in rare dei.
It minske wie net bêst te brûken.
Mar de skuon, dy bleauwen wei.

Set tsjin dûrnny: 't moat feroarje,
Helje it oan yn jo gebed.
By it miel de tsien geboaden,
Stelle, mar dat mei net.

De sûne Djoke altyd honger,
Lústre meastal net.
It smakke har sa stomme lekker,
lerappels fleis en kowefet.

Yn it gefal kaam gjin feroaring,
Mefrou hie dûmny al safier.
D'r mar rjocht foarút te kommen.
Mar dat foel him fige swier.

Lútzen lilk en sei tsjin Djoke
Wat is dit in raar getsier.
Mar it famke wie ûnskuldich,
Ik swar it heit it is echt wier.

Dan net wer nei de pastorije,
Se ha it no foargoed bedoarn.
Do kinste my wol helpe,
Bytfertinje op it lân.

D'r kaam in nije wurkster,
Ja, sa kin it faken gean.
Dy seach mefrou har sljochte skuon,
Under de âlde mangel Stean.

J.H.W.