It miel…

Jimme moatte dus foaral ek komme,
Op ús heugelike dei.
Fyftich jier yn trou forboun west,
Doch it ús ek mar ris nei.

Dat sei âlde Bjinse Dykstra,
Hja kamen alle simmers trou.
Dienen dan de greate rounte,
Yn 'e auto mei syn frou.

Se hienen ek yn it forline,
Wenne op itselde plak.
En hjir mei nocht en Wille,
Buorke, yn it lânboufak.

It wie har meastal tige meiroun,
Urven noch al hiel hwat lân.
Ja men koe mei rjocht wol sizze,
Minsken út de boerestân.

De Dykstra’s libben nou al jierren,
Yn in villa yn ‘e stêd.
Hy wie altyd sa fortsjintlik,
Op it greate lânboumêd.

Doutsje sei, dat sil hwat wurde,
Beide nochris yn ‘e trein.
Wy kinne dêr no net omhinne,
Bjinse hat it dúdlik sein.

Durk hie noait net folle omhael,
Wie mar 't leafst by 't lân en 't fe.
Hâlde net fan dat útwrykse,
Joech him del by kofje en thé.

It houliksfeest fan Bjinse en Betsy,
Dat wie útsocht op in freed.
It soe dêr wol in drokte wurde,
Lânbouminsken by de fleet.

Doutsje noch in nije jûpe,
Durk yn ’t âldernijste pak.
Mei in moai en wyt boesgroentsje,
En de strik mar tige strak.

Se wiene net de âlderearsten,
De seal dy wie al flink beset.
Earst mar efkes by de hân ha,
Hja waerden wol yn ’t sintsje set.

Mannichien die dêr in wurdsje,
Om it gouden houlikspear.
Op de lange wite tafels,
Stie it iten hast al klear.

Alles wie wol sa ynoarder,
Oeral roaskes, read en giel.
Bitsjinden sieten mar te switten,
Foar de gasten en it miel.

Durk dy koe him net sa rêdde,
Mei mês en foarke en servet.
Doutsje die mar as se thús wie,
It lekkerste ûntkaem har net.

De oare deis oan eigen tafel,
Readstar en blomkoal mei keniel.
Doe sei Durk myn leave fanke,
Hwat is dit in kostlik miel.

Tsjommearum J.H.W.