Boadskiprinder ...

Alle dagen geane se troch de strjitten.
De boadskiprinders fan it gea.
Mei de kranten en de bledsjes,
Oer de klaaiing en it brea.

Nee, it is hast net te leauwen,
Elk dy hat it goede foar.
Prizen gean' oan gruz'leminten,
Noch goedkeaper as in oar.

Mannichien stiet faak te tinken,
Hoe as dat no einliks kin.
Wêrom dochs dy hege prizen,
Is it oare dam sa min?

Wurde wy net wat ferrifele.
Wat moat minsken mei har lean.
It iene better noch as it oare,
Nei wa sil ik wol gean.

In oprop fan de grut gelearden,
Wy hearden dat noch nea.
It soere wetter út 'e himel,
Makket al ús beammen dea.

Demonstraasjes tsjin it ûnrjocht,
Altyd wer en dei oan dei.
De wrâld sit fol mei slimme wapens,
Wat moatte wy der mei.

De post dy bringt ús mannieh blêden,
Winkelje dat hoecht net mear.
Jo stjûre ús in saaklik briefke,
En alles komt dan klear.

Ek in skriuwen moai yn kleuren,
Mei foto’s út it tredde lân.
Dêr moatte safol’ minsken stjerre,
It griist jin suver oan.

Machteleas,tsjin lange droechte,
Lieders witte it net mear.
Wa sil hjir noch útkomst bringe,
Dokters slaan de hannen gear.

Wy hawwe al in protte kennis,
Fleane einen troch de loft.
Iten oan ús neisten bringe,
Duorret al sa'n skoft.

Eartiids waard in jonkje benne,
It boadskip gie troch 't hiele lân.
Dát wie wat besûnders,
Wy neamden him Gods soan.

Hy wie ek in boadskiprinder,
Hie gjin krantsjes yn 'e hân.
Syn stim gie troch de hiele krite,
En spriek alle minsken oan.

Hy sei ús, help elkoar yn 't libben,
Sjoch dyn neiste, libje fredich.
Ferdraachsumheid en neisteleafde,
Dátha jimme nedich.

It folk dat woe dêr neat fan witte,
Sei de man die is net wiis.
Hy betelle foar ús sûnden,
Wol de allerheechste priis.

It is allang fergetten,
Wy kinne it noch lêze.
De heechste priis fan alle libben,
Sil ek wol it djoerste wêze.

Tsjommearum 24-9-’88
J.H.W.