Lean…

Paulus poetser, in sterke keardel,
Ek allang op ’t selde plak.
Ja, it wie in âlde bealger,
Sa beslein yn ’t boerefak.

Hy wist benei hast alle greiden,
En it lân fan elke boer.
Wenne yn in lyts âld húske,
Yn it doarp, fuort by de toer.

Moarnsbetiid al yn ‘e klompen,
Rûn hy nei de buorkery.
’t Wie in mantsje mei karakter,
Fielde sa foar moaie kij.

Elkenien hie wol wat niget,
Want de man wie nea net siik.
Men sei sa faek dy man hat in poester,
In tsjerkeoargel hast gelyk.

Syn wyfke , net sa botte skrander,
Lyk yn ’t doarp, it hie der oan.
Kocht ek faak mar frjemde dingen,
Want Paulus dy fertsjinne skoan.

De boer koe hi mek sa fertrouwe,
Gie sels wol op it wylde mêd.
Elke freed, as fêste regel,
Boardskiprinne yn ‘e stêd.

It wie almeast in âlde moade,
Mannichien gie dêr oan mank.
It lean, dat waard dan faken helle,
Fan de grutte boerebank.

Sneontejûns mar útbetelje,
Op ‘e âlde bûthúsbank.
Efter mannich kouestirten,
Yn in sfear fan stront en stank.

Paulus op in moarn yn ’t bûthús,
Mei kroadfol koueskyt.
Sei de boer, sa yn ‘e rin wei,
‘k Bin myn portefúlje kwyt.p> Ik kin jo hjoed net útbetelje,
En jo krije dús gjin lean.
Dat hâlde jo dan wol te goede,
En ’t moat oan’t nije wike stean.

Dat siet Paulus net sa lekker,
Gie de boer syn gongen lâns.
Earst de groppe, doe nei bûten,
It dongsté, ja, dat wie in kâns.

De sneintemoarns, fuort nei it melken,
Gjin rêst yn ’t liif, net efkes kippe.
Dolde yn ‘e farske stront.
It swit dat rûn him oer de lippe.

Hy sweefde oer de hiele skerne,
Stie ek suver yn ‘e brân.
Hwersanne moast dat ding dochs wêze.
It tsjerkfolk kaam d’r ek al oan.

De sneintejûns, ûnder it melken,
Kaam de boer it bûthús del.
Paulus siet noch drok yn tinzen,
De goeie man waard suver kjel.

Sjoch, hjir binne noch jo sinten,
Ik tink, it komt noch wol fan pas,
‘k Wist it no wer út ‘e holle,
Se sieten yn myn sljuchte jas.

Tsjommearum, hjerst 1981 J.H.W.