Oalje…

Wy moatte ’t mar ris oars bisykje,
Sei Riemer tsjin syn âldste soan.
Net in ieltsje mear te fangen,
D‘r is sa wier gjin miter oan.

Hja sneupten mei har fiskersboatsje,
De fearten lâns by Harns en Surch.
Altyd dwaende op it wetter,
Tige soun en nea net wurch.

Sels in kantich roefke makke,
Dêryn wie hy hiel hwat mâns.
’t Wie wol ôfpast en benepen,
Mar handich, by de fûken lâna.

Riemer sei, ik sil’t dy sizze,
Wy geane nei de Dongerdielen.
Kinne hjir gjin brea fortsjinje,
Dêr is fêst noch hwat te pielen.
Hja kamen yn ferskate kriten,
It gea, dat wie dêr wiid en rom.
Mar op ‘e joun, sa tsjin de skimer,
Gyngen hja nei ’t doarp wêrom.

Moasten sels har iten siede,
Dêryn wiene hja wol klear.
Mar opp in joun, sei âlde Riemer,
Wy hawwe hast gjin oalje mear.

Nou, dat is wol te ferhelpen,
Wy farre by de buorren lâns.
Op‘e wâl dêr stiet in bourdsje,
Peteroalje, dus in kâns.

De winkelman hie hast fan alles,
Dêr wie no wier gjin né te keap.
Koje, thé, rys en resinen,
Tabak, sigaren, by de heap.

Klompen en ek wetterboksen,
Learsens, mei in tsjûke soal.
It wie de muoite wurdich,
Hy hie sels prefiten moal.

En ek blaue oaljekantsjes,
In koperen dopke op ‘e tút.
Handich, om mar net te griemen,
Geat men sa de oalje út.

Nou, sei Riemer fuort en daliks,
En hy wiisde nei it rút.
Jow ús ek sa’n handich kantsje,
Dan geane wy dy kant mar út.

De winkelman moast efkes glimkje,
En hy leunde oer de bank.
Dêryn sit gjin peteroalje,
Mar hwat mingels sterke drank.

Ja, ik sil it jo mar sizze,
En ik doch ek mar yn’t lyts.
Dat nim ik mei, sa op ‘e sutel,
Yn in bakje op ‘e fyts.
Riemer lústere mei niget,
Och myn goeje, leave man.
Jo as minske fan ‘e tsjerke,
Wit jim’dûmnyhjir fan.

De keapman sei it hiel forsichtich,
Siz it wier net tsjin in oar.
‘k Bring ek om ‘e trije wike,
Soks by dûmny troch de doar.

De fiskerman tocht sa syn eigen,
Treau syn boatsje oan ‘e gong.
In winkelman yn peteroalje,
Dy dûmny yn syn fûken fong.

Tsjommearum, winter 1982 J.H.W.