Rys…..

Jo kinne dus wol komme,
Takom’jier op maijedei.
De frou die hat bisluten,
’t Giet om in faem, sa ik al sei.

Mei dat boadskip kaem Jehannes,
Hja moasten ek hwat oars.
Har fanke, dat wie Joukje,
Lits bitinklik oan ‘e noas.

De frou fan Wibe Martens,
Hie al mannich faem fersliten.
It minske wie oerdedich skjin,
En súnich op it iten.

Joukje hie graech leare wollen,
Mar dat siet d’r wier net oan.
Hja moast ek mei fortsjinje,
En by heit op ’t wiete lân.

Maytiids mei de measte drokte,
Ierdappels sette út ‘e bak.
Letter, nôt yn skeaven binne,
En it flaeks ek moaij to plak.

Yn ‘e hjerst, fuort bij de gripe,
Op ‘e knibbels tsjin‘e groun.
Heit wie altiid dwaende,
Drok, ta yn ‘e skimerjoun.

’t Moast mei Joukje tige wenne,
En foaral yn’t oanbgjin.
Siet to hâlden en te kearen,
Is ’t de frou wol nei it sin.

Se skrobbe en se dweilde,
Op in pleats wie altiid wurk.
Swarte kachels poetse,
Hja like wol in turk.

De frou dy tochte wol om Joukje,
Lei faek rys yn tsjustere hoeken.
Wie no just net kwea fan aerd,
En meastal goed te brûken.

’t Fanke moast har sa bitinke,
En se hie it net sa rom.
Rys yn finsterbanken,
Foun hja wol sa stom.

It gie om Heit en húsgenoaten,
Dêrom hâlde hja har stil.
Alle dagen ûnderhearich,
Wie sa tsjin har eigen wil.

Op in moarn, ’t wie yn ‘e keuken,
Sei de frou, ik sit hwat oan.
De klok dy slacht al alve ûre,
Hwat sil’ wij ite fan ‘e moarn.

Nou misskien kin ik jo helpe,
‘k Ha it lang biwarre.
Sjuch, in pûdfol samle rys,
Dat wol ek wol fortarre.

D’r foel net mear te praten,
Joukje krige sa mar dien.
It wie foar har wol sa’n forromming,
En hja liet ek net in trien.

Heit, dy koe noch wol hwat bliuwe,
Al wie it libben frijhwat sûr.
It oare jier, ’t is to bigripen,
Forhúzje, nei in oare boer.

Tsjommearum, Maijtiid, 1982 J.H.W.