Slagge…

’t Is sneintomoarn, de sinne skynde,
It hiele fjild wie prachtich grien.
Paulus seach sa troch de ruten,
Hy hie dêr al in hoartsje stien.

Op ‘e seize, by de opfeart,
Weide al syn stamboekfé.
In tûke boer, hy mocht d’r wêze,
Wie ek berne op dit sté.

Libbe hjir wol sa tofreden,
Great en sterk, in soune lea.
Paulus hie it hjir wol makke,
Romte en in goed stik brea.

Greate Brecht’ fan Durk en Hieke,
Wie foar him in bêste stipe.
En hy wie dus ek net troud,
Men koe dat net bigripe.

Syn âlden wiene him ûntfâllen,
Dat wie al wêr hwat jirren lyn.
Op in pleats, smûk yn ‘e beammen,
Is it ek net altyd sinneskyn.

As jonge koe d’r tige leare,
It minste wie almeast in acht.
Heit, dy mocht dat hiel wol heare,
Hwant de kennis, wie de macht.

Paulus wie as minske slagge,
En ek hege titels helle.
Heit dy hie him dêr opstien,
En alles ek bitelle.

Yn de boeken, altyd leare,
Woe men hwat birikke.
In protte moast er him ûntsizze,
En oeral mar yn skikke.

Yn ‘e fjirte, by de hikke,
Dêr stie Rinse mei in famke.
Hja rôppen oan de âlde bles,
Dy rûn dêr yn it kampke.

Togeare op ‘e leegre skoalle,
Mar Rinse wie net fierder gien.
Ek al mei en út de krapte,
Hie dy mar oan de houer stien.

De jierren wiene rêd forstrutsen,
Wêr wie dy tiid doch einliks bleaun.
Rinse ek in âlde bealcher,
Altiid noch syn bêste freon.

It famke yn it bliere jurkje,
Wie al fan syn âldste soan.
Hy hie it berntsje op ‘e earm,
En krûpte ’t wyfke suver oan.

Paulus stie moarns te tinken,
Hwat hie it libben him nou jown.
Altyd oan mar yn ‘e boeken,
En nea de wiere leafde foun.

De minsken út it lytse doarpke,
Seagen heech by Paulus op.
En ek om ’t er aerdich jild hie,
Die mannichien dêr in berop.

Hy stoarre troch de greate glêzen,
It wie foar him no al te let.
Wittenskiplik tige slagge,
Mar pake, né, dat waerd hy net.

Tsjommearum simmer 1982 J.H.W.