It aeike

Ha jim ek dat bliere jonkje,
Yn de âlde ljouwter sjoen.
Mei heit en mem en d’âlderneisten,
Bea hy it earste aeke oan.

Wy koenen ’t wol bigripe,
D’r wienen guon op tsjin.
De ljip syn earste aei ûntnimme,
Dat founen se mar min.

De winter hie al fierstofolle,
Easke, fan it Fûgelguod.
En no, se moat har Skamje,
Wurdt har it earste aei ûntskûord.

De heechste man fan ús provinsje,
Hy hie it aeike yn ‘e hân.
En bruts net mei de tradysje,
Dy paste by it Fryske lân.

De ljip, dy foun it wol bigryp’lik,
Dat men pronke mei syn aei.
It twadde, leit hy fêst mei wille,
Yn in kûltsje op ‘e klaei.

Tsjommearum, foarjier 1979 J.H.W.