Energie…?

Dat wie in foroaring.
Yn it doarp de gasfebryk.
Sterke wrotters mei de skeppe,
Groeven sleuven lâns de dyk.

Ovenbouers en gelearden,
Kamen út it Dutske lân.
En de djip forladen skútsjes,
Brochten hjir de stienkoal oan.

Gjin gekliem mei hurde turven,
In skjinne panne fan it fjûr.
It nije lampke oan'e souder,
't Wie yn't earstoan wol hwat djûr.

It fernuft gie al mar fierder,
En elk dy moast in geiser ha.
In bad en ek noch mar in doeske,
En dat gyng mar oan en ta.

Greate huzen en gebouen,
Riisden as it reid oerein.
Greate rúten, greate romten,
D'r wie gjin materiael foar slein.

Architekten mei har mannen,
Founen it mar mak’lik út.
Sofolle ljocht en sofol buizen,
Izeren konfektors four elk rut.

Mar doe kaem it âldernijste,
Lange buizen yn 'e groun.
Hwa hie dat ea tinke kinnen,
Dat men hjir it ierdgas foun

It wie net mear to stuitsjen,
De hikke wie nou fan 'e daem.
It ierdgas út ús lytse lântsje,
Waerd oer de hiele wrâld fornaem.

Hwat mear as men d'r fan forbrûkte,
Gie de priis wol gâns omleech.
Yn it fjild seach elk fan fieren,
In gasflaem, lôggjend nei omheech.

Hjoed de dei, hou is it mûglik,
Ha wy in saneamd bistek.
En dêryn wol men now biwere,
It ierdsk forbrûk giet fiersto gek.

Nou moatte wy wer oan't bikrimpen,
De foarrie rekket op, allicht.
Wy kinne d'r mar goed om tinke,
Oars dan draije se de kranen ticht.

Giet de minske, yn'e takomst,
Wer op nei it âlde ta?
Moat de auto wer fordwine,
En elk in hekje kachel ha?

It kin jen soms o sa binije,
Wêr wy dochs wol hinne gean.
Hoe lang sil it noch duorje,
Dat ús ierde sil bistean?

Tsjommearum, Simmer 1979 J.H.W.