Frysk. . .

It stie mei greate letters yn 'e krante,
Ja, it is in hiel forhael.
Kin in Fries fertsûgend bidde. . .
Yn syn moaije Memmetael.

Dûmeny, - yn it doarp yn hege oansjen, -
Tocht, dit is nou krekt wêr hwat foar my.
Hiel syn libben al studeare,
De Fryske tael, dat wie wer nij.

De bêste man, hy hat it witten,
De minsken wiernen hiel forslein.
It tsjerkefolk stie al to tinken,
Oan in Fryske preek op snein.

Syn iver foar de Fryske sprake,
Dat die ús wol sa goed.
As Saks,wy koene dochs wol lêze,
Streamt yn him, it Fryske bloed.

Wy minsken freegje alle dagen,
Wol hast oer de hiele wrâld.
Om de sounens fan ús lichum,
Fan ús siel en selsbihâld.

Alle lûden, alle talen,
Hwat de tiid foar ús ek seit.
Lûke wy ús Libbensweintsje,
Nei dy greate Ivichheit.

Tsjommearum, gêrsmoanne 1979 J.H.W.