Froast….

It fjild is hurd en koarstich,
It fûgelguod dat skarrelt roun.
Hja Fleane op en strike,
Nei in kerltsje op'e groun.

Kobben sweve heech en sierlik,
Troch de loft, yn greate flecht.
It mieske, yn de apenuten,
In tafrieltsje, al sa echt.

Fûgels kinne lyk as minsken,
Al sa tsiere om it brea.
Skrokkich slokke hja it fiedsel,
En hja wike den ek nea.

Great is ek it Skeppingswûnder,
Al hoe lyts her eachjes binne.
Ek it alderlytste krobke,
Soenen wy net fine kinne.

It bistke moat d'r sa foar fleane,
Winterdeis sa krap en skriel.
Efter glês en by de waermte,
Sêdzje wy ús oan it miel.

Fûgels kinne ek net prate,
Mar se binne dochs wol bliid.
Soms in flerk of poat tobrutsen,
Ek har libben hat syn striid.

Faken sitte hja to wachtsjen,
Mei in goed en skerp gehoar.
Skrilje op en fleane,
Dan opslach nei elke doar.

Strui it foer hwat rom en ryklik,
Goederjowsk en mei hwat lef.
Fûgels moatte altyd skoaije,
Krije net fan Unicef.

As de dayen aenst wr langje,
Bringe hja mei kleur en klank.
Alle dagen fan de wike,
Hûndertfâldich ús har tank.

De moaije, greate, swarte lyster,
Sjongt dan heech yn’t beamtegrien.
Elk kin dan syn lofliet hearre,
De kâlde winter is dan gien.

Tsjommearum, winter 1983. J.H.W.