De preek

De greate tsjerke yn 'e buorren
Wie dy sneins mar flink biset.
It wie hwat nijs, elk woe it hearre,
In preek yn 't Frysk, dat koe hjir net.

De Alderein wie fan bitinken,
Sa'n preek kaem hjir net ta Syn ear.
De fromme, stûrske eigen hearder
Gie yn 't earst al sa to kear.

It wie yn it forline
Oeral dochs mar hiel gewoan.
In dûmny waerd dan faeks biroppen,
Kaem meastal út de frjemdte oan.

De platte tael wie net oannimlik,
Foaral net yn de pastorij.
Alles moast dêr heech yn 't Hollânsk,
It Frysk, dat hearde d'r net bij.

Faken moast men ek wol laitsje,
De fammen praten al sa krom,
De nije dûmny en syn wyfke
Founen ús sprake al sa stom.

De tiden binne gâns foroare,
Minsken ha it gauris mis.
De jongerein is fan bitinken,
Ho ryk ús eigen tael wol is.

De Fryske dûmny op 'e kânsel
Kaem jin sa ienfâldich oan.
Syn lûd, dat galme troch de tsjerke
Mei it boadskip fan de Soan.

Hy spriek jin oan fan hege himel,
Skoarje jim dochs tsjin it kwea
It gie jin troch it hiele herte,
Fan in opstean, nei de dea.

De man syn preek wie sa oertsjûgjend,
Al syn wurden wienen wis.
Gjin stjerling yn it wrâldske barren,
Dy 't sûnder sûnde is.

Yn syn húske yn 'e buorren
Siet âlde Keimpe yn syn stoel.
Hy lústere troch 't moaie kastke,
De preek kaem him sa oan 't gefoel.

Hy koe mei nimmen prate,
Gjinien dy't hjir hwat sei.
De wurden fan de dûmny,
Dy klonken yn him nei.

De neiste wie him ek ûntfâllen,
Hwant elk forliest it wrâldske pleit.
It alderlêste rjocht yn 't libben,
Dat is oan de Heechste Heit.

Tsj. J.H.W.