Maaiedei....

Ek Jetse futtel moast ferhúzje,
Om it jier in oare boer.
Wat in gaed’lik plak to finen,
Wie meastal wol in poepetoer.

Hy wie no just ek net sa hastich,
Mar mei it mûltsje tige goed.
Dêrtroch siet syn yverich wyfke,
Faak en folle yn 'e noed.

Hja wist it sa fan oare jierren,
Hie alles mar yn doazen dien.
Brûkte net it âldermeaste,
It oare hie op 'e souder stien.

Alderheljen, yn novimber,
Wie altyd mar in rare dei.
Men moast jin foar in jier bestelle,
It wie mar hoe de boer it sei.

Jetse hie nei hiel wat swalkjen,
Foar wyf en berntsjes docks war plak.
Hja wienen ek al mei har tsienen,
Men koe net sûnder ûnderdak.
Doe er him destiids bistelde,
Woe de boer in goeie faam.
Dat wie dan ek de reden,
Dat hy Jetse by him naem.

De boer hie alris hifke,
Hoe machtich bin jim yn getal.
Mar Jetse hie it oar syn jonges,
Tocht, dat oare sjucht er wol.

't Wie maaiedei, de sinne skynde,
Dêr gie de âlde boerewein.
De modderreed hie djippe spoaren,
Tuike, tuike "ut it ein.

Efterop it rak me! bêdden,
Dan in bak mei't oaljestel.
It wyfke mei de âlderlytste,
En de fuotten der by del.

It wie noch al in hiele tippel,
En 't nije plak net neist do doar,
Jetse hie twa boereweinen.
Mei in grauwe bles derfoar.

By oankomst earst mar kofje sette,
Men wie sa toarstich as in hin.
In bakje pittich drinken,
Wie altyd wol in goed begjin.

Daliks wer in tsjettel wetter,
Op it âlde oaljestel.
Dat wie dan foar it bedsteedsopke,
Men lei it bêd dan samar del.

De ferver út it lytse doarpke,
Wie ek al tige drok yn 't spier.
Mei in slinger en hwat slaggen,
De keamer yn ’t behang pompier.

Hy kaem hwat gnyskjend dêr mei oan.
Jimme binne noch al machtich,
Ik tel d'r al in stik of sawn.

Ja, sei Jetse, 'k sil 't jo sizze,
As men forhúset maeijedei.
Jo kin it súver net bigripe,
Dan komt de rommel oeral wei.

Tsjommearum, foarjier 1980
J.H.W.