In hillige histoarje ....

It joech noch al in hiele drokte,
Doe't Jochums Jetske wie ferstoarn.
Bûten al it moaie húsrie,
Ek har húske mei wat lân.

Tefreden yn it deistich libben,
En behelpsum foar in oar,
Jetske wie in aardich frommes,
Kearde nimmen by de doar.

Jochum hie ek aardich buorke,
Ek wol minne tiden hân.
Beide koenen hja it fine,
Yn it libben net bedoarn.

De beide bern dy moasten leare,
Kamen dêrtroch goed te plak.
Piter, dy wie master wurden,
Simon siet yn 't timmerfak.

Faken wie der noch al heibel,
De beide froulju koenen net.
De iene seach yn de oar syn skûtel,
Meastal wol wat ryklik fet.

Wêrom dy no einliks tsierden,
Dat fûn Jetske al sa gek.
Want har beide troude jonges,
Hienen nearne oan gebrek.

It minske woe net testamintsje,
Sa ryk wie hja no ek wer net.
Se fûn dat altyd mar omslachtich,
En ûnderskied dat woe hja net.

It kaam sa oars as men wol tochte,
De froulju droegen harres ta.
Der foelen faak mar skerpe wurden,
Elk woe sines no wol ha.

Om mar út 'e rie te kommen,
Wie alles doe op sinten set.
Hja ornearren dat wie 't bêste,
En djoer dat hoegde ek wer net.

In grutte list mei de bedragen,
Hie Piter moai op oarder set.
Sels it alderlytste dinkje,
Untbriek ek yn de rigels net.

Doch wie der noch wat forgetten,
Der wie yn 't earst gjin acht op slein.
Mem hie ek in hiel âld tsjerkboek,
Moai mei sulverwurk beslein.

Beide froulju sa oerêmis,
It hillich skrift, mar dàt wie wat.
Mem stie stevich yn har leauwen,
En hja tocht in soad oan God.

De iene bea tsjin de oare,
Mar Piters Aly rûkte lont.
Sa krige Simens Antsje
Mem har tsjerkeboek oan ‘e kont.

Antsje blêde yn it boekwurk,
Fûn dêryn klaverblêd.
Dat hie Mem as famke plôke,
Efterhûs, yn ’t griene mêd.

By it bledsje stie te lêzen,
It libben is allyk in blom.
Groeie, bloeie en fertarre,
En hja komme net werom.

J.H.W.