Nammen

Elkenien dy hat in namme,
En wêrom dat wit men net.
Alles is mei tige oerlis,
Yn 'e grutte boeken set.

Eartiids hie men frjemde nammen,
Fûn dat doe mar hiel gewoan.
By de berte fan in minske,
Kryge men in namme oan.

Sels de bisten en de fûgels,
Wienen ommers net gelyk.
Kamen yn in grut register,
Al rûnen se wat krom en bryk.

De flinters en de miggen,
Skepen noch sa lyts en fyn.
Nei safolle tûzen jierren,
Opskreaun en wol yn ‘t Latyn.

Al de blommen en de planten,
Al de beammen op 'e wrâld.
Troch har sied sa rom en ryklik,
Ta fermeardering en selsbehâld.

Botsje, Gealtsje, Gatske en Bjefke,
Rûnen ek yn 't Fryske gea.
Leave, golle, tsjeppe fammen,
Mei in geve, kante lea.

Manlju hieten al sa nuver,
Nammen, Nammele, Kúne en Kai.
Jinse, Jochem, Pier en Paulus,
Elk krige in namme mei.

Hjoed de dei is ’t wat feroare,
In namme hat in bloeske oan.
Teake wurd no samar Teo,
Botsje nimt mar Betty oan.

By it ôfskied fan it libben,
Komt men dy nammen noch ris tsjin.
Yn 'e krante is te lêzen,
Hoe ‘t men hiet yn ‘t oanbegjin.

Dan wurdt faken ek noch pronke,
Mar falt’t hege wol wat mei.
Lêst men noch mei grutte letters,
Stoarn is Kune, Ké of Kai.

Tsjummearum J.H.W.