Blommen…

Bjusterbaarlik, wat in hichte,
Wat in pracht, de sinneblom.
Ut in hiel lyts pitsje komme,
Grouwe stâlen en net krom.

Dêrneist stean de gladioalen,
Al sa mearkeëftich moai.
't Lykje no wol wiere juffers,
Yn har feestelike toai.

Dalia's yn grutte bosken,
Alle kleuren trochinoar.
Ja, men soe der stil fan wurde,
De natuer stelt noait teloar.

Jinsen yn in smoute hoeke,
Stiet de fleurige margriet.
Kein steam hja dêr breid te wêzen,
Tear en sa skjin, sa rein en wyt.

Under de seringebeammen,
Pronket noch de beltsjeblom.
En de wyn dy liedt klokjes,
It angelus, o minsken kom.

En Wat deun, ticht by de grûn dêr
Stean de kleurige fioelen.
It koar is sa folslein en
Dat hat allegear syn doelen.

Dêr fergetten yn in hoekje,
Bloeit no hjir noch lang om let.
Ien fan d' alderlytste blomkes,
Dy prachtige ferjit my net.

Boppe ús de blauwe loften,
Uneinich fier en o sa heech.
De sinne struit syn waarme strielen,
Ryklik ljochtsjend hjir omleech.

Yn ús herte wâlet langstme,
Begripe dogge wy it net.
It albestjoer hat alles regele,
En ferjit de minske net.

Ienris sil dit wer fertarre,
Sawol minske as de blom.
Soenen dêr ek blommen bloeie,
Earne, yn dat himelrom?

Tsjummearum J.H.W.