It byldtsje…

Rûge Reinder wie al jierren,
Yn it wurk bv fan der Schaaf.
Tige rimpen, o sa hastich,
En roun gauris op in draef.

Wie no just net krekt yn alles,
Fleach altyd as wie d’r brân.
Moast ek nei aparte klanten,
Kaem meastal mei in grapke oan.

Lapje de âlde flierren,
Smoargens wie him noait te mâl.
Wie in hoarnesket to brutsen,
Roun sa by de kij op stâl.

En sa troch de jierren hinne,
Wist hy mannich hûs en plak.
Waer en wyn koe him net deare,
Sels net op it heechste dak.

Wist it ek sa moaij to sizzen,
Altyd tige drok yn 't spier.
Koe yn 't doarp mei alle minsken,
De keapman, boer en rintenier.

Op in moarn ’t wie nei de kofje,
Sei syn baes, dou moast ris heare.
Sietske hat hwat mei in doar,
Hwat kin dat minske beare.

Sietske wie in aerdich frommis,
En al jierren op ‘e stjelp.
Elkenien wist mar to sizzen,
Sybren hat in goeie help.

Reinder, mei syn ark yn 't bakje.
Efter op de âlde fyts.
Yn in feech nei ‘t âlde stjelpke,
Nei de dour fan Sybrens Siets.

'k Hat al sjoen, sei Reinder rimpen,
't Sit him oan it âlde slot.
‘k Bring it daliks wol yn oarder,
Oars dan giet de boel kepot.

En foaral as jo hjir sliepe,
Moat in doar op ’t slot en ticht.
Foaral foar strúnders moat’ Jo hoedzje,
It minskdom is sa liep, allicht.

De doar wie kreas en kunstich makke,
En wie Sietske sa nei ’t sin.
In genot en wol sa stevich,
Dat hy nou wer slúte kin.

Reinder hie it samar makke,
Hie ris yn ‘e hannen wreaun.
In alderaerdichst stiennen hountsje,
Under Siets har tekkens treaun.

It wie al wer hwat wiken letter,
Doe kaem de plysje oan de doar.
Hy woe graech mei Reinder prate,
Oer it iene en it oar.

Jo wienen okkerdeis by Sietske,
En hienen dêr in foech kerwei.
Hja docht by ús in kwalik boadskip,
Har stienen hountsje dat is wei.

Reinder lake dat’t hwat ôfdie,
De plysje sei, in slim gefal.
Jo moatte by de rjochter komme,
Dit giet ús hwat al to mâl.

De rjochter wie de boargemaster,
O sa eptich, tige strang.
Soks, dat kin net troch de bûgel,
Hwant dan kom’Jo yn ’t gefang.

Sei op ’t lêst ek noch tsjin Reinder,
Hwat te freegjen, doch it rêd.
Ja, sei Reinder mei in glimke,
Wêr wie Sietske nachts op bêd.

Tsjommearum, hjerst 1981
J.H.W.