In stipke...

De wrâld wie eartiids woast en ledich,
Yn it hielal ek mar in stip.
De Skepper hie it hiel moai makke,
Neffens Him en Syn begryp.

Ryklik fruchten om te libjen,
Ek foar fûgels en it fee.
It wie folslein en yn perfeksje,
Oerstallich wetter nei de see.

De minske koe hjir noflik wenje,
Op in droech en fredich plak.
By ûntij, rein en fûle stoarmen,
Yn in feilich ûnderdak.

Mar de minske woe it witte,
Al koene se dan net lêze.
Hja griepen nei de spear en 't swurd,
Want elk woe eigen kening wêze.

Dêrtroch kaam de striid en ûnrêst,
Hja ha de wrâld yn stikken slein.
Folken kamen sa yn opskuor,
Mei it hynder foar de wein.

Hjoeddeis is d'r neat feroare,
De tiid hat ús wat fierder treaun.
Mei al it nije en it goede,
Is de striid doch einliks bleaun.

Wy moatte wer in stipke sette,
Binne skruten en wat bang.
Wa soe no de bêste wêze
Foar ús sels en ’t lânsbelang?

Regearders wolle it wer witte,
Elk draacht sa syn eigen lot.
De minske, from en stoer en boarstich,
Fielt him skipper neist syn God.

21 maart 1986
J.H.W.