De melker…

(Opheind út it doarpslibben yn é omkriten)
Jehannes Hessels, en syn wyfke,
Wennen by de buorkerij.
Hja wie deis faek op ‘e strjitte,
Hy fersoarge sneins altyd de kij.

Se libben dêr wol sa geryflik,
Sûn en altyd yn it spier.
Beide , alle dagen warber,
Jaaike, altyd gol en blier.

Neiteam wie har net bisoarge,
Se joegen har dêr mar by del.
Tegearre koenen ja it fine,
It wie wol sa’n tefreden stel.

Simmerdeis om healwei seizen,
Stie er al yn ’t romme fjild.
Tochte oan in eigen húske,
Garre sa al moai hwat jild.

Suverje, de rjochte rigels,
Dêryn wie er hiel wat mâns.
Pandere hast alle dagen,
De moaije griene fjilden lâns.

Foar it melken op de sneinen,
Fan de boer in hoekje grûn.
Ferline jier wer bêste reade,
Se hienen sa oerfloedich jûn.

Yn ‘e hjerst meast oan ‘e gripe,
De swiere balen op it fel.
Joech him efter de bedsdoarren,
Jûns, wol sa bihaachlik del.

In wûnder wie it mei syn Jaaike,
Altyd sa opslach beret.
Moarnsbetiid, it koe net misse,
Fersliepe, nee, dat barde net.

Op in nacht doe dreamde Jaaike,
Fleach fan skrik oerstjoer oerein.
Jehannes, daliks wekker wurde,
Do moast melke, it is snein.

Ferheard die hy de eagen iepen,
Wie ek suver wat ferslein.
Mar it soe dochs wol sa wêze,
Jaaike hie it dúdlik sein.

Wat kâlde tee, fuort yn ‘e klompen,
Hastich trêdzjend troch de daam.
Op ‘e dyk twa jonge minsken,
It wie Jouke mei de faam.

Hja seinen noch sa tsjin Jehannes,
Jo binne ek betiid is ’t net.
Ja, dat kin dan wol sa wêze,
Mar jimme binne fierste let.

De kij die leine o sa fredich,
Hja hienen ek noch gjin ferlet.
Jehannes mei in tuolle en amer,
Hie fuort in ko yn ’t spantou set.

’t Hie him earst al wat belytse,
’t Wiene ek gjin grutte miellen.
Mar it melken dat gie troch,
Hy bliuwde oan it pielen.

Letter, doe ’t er thús kaem yn ‘e keamer,
Siet syn Jaaike al oan ’t brea.
Se hat him mar fuort ferhelle,
En skamme har hast dea.

De âlde boer hie al sa lake,
Jehannes, hoe is dat dochs einlik gien.
No, de grutte wizer fan é wekker,
Hie op tweintich oer de tolve stien.

Tsjummearum J.H.W.
Jaaike hie tocht dat it fjouwer oere wie.