Boerehelp....

Alle dagen fan 'e wike,
Fleane hja troch 't Fryske gea.
Unbidich ark yn alle soarten,
Foar de risping en it hea.

Maitiids, mei, de measte drokte,
Giet it faak fan ier oan’t let.
Ek it alderlytste hoekje,
Ferjitte hja dan net.

Net te tillen swiere ploegen,
Skuorre troch it fruchtber lān.
Siedzje, alle soarten fruchten,
Foar śs ālde boerestān.

Hoedzje, tsjin it ivich ūntśch,
Alle sykten en it kwea.
Meitsje hja dan o sa spitich,
Mannich moaie fjilden dea.

De tiden binne sa feroare,
Gjin moaie hynders foar de wein.
Noflik efter de ālde skūle,
Kofjedrinke, op it ein.

Foarśtgong is ek net te kearen,
Wat foarby is ha wy hān.
De plicht te sjidzjen en te rispjen,
Docht it wurkfolk op it lān.

Tsjommearum J.H.W.