De slatters . . .

Sêfte Sape út 'e Mieden,
Buorke op syn eigen grûn.
Wie betûft en sa beslipe,
't Lok wie him temjitte rûn.

Kaam er moarns fan 't bûthús húske,
Gyng er meastal neit it lân.
'd Aldste soan sei dan wol gauris,
Us heit hat hjoed it slimste hân.

Yn sljochte kleaan en swarte klompkes,
Rûn er lâns de grutte feart.
Eage oer de romme fjilden,
Der ûntkaam him suver neat.

Keaplju hie hy faak te fiter,
Ferkocht it spul meast op 'e rûs.
Koe dan sa fûleindich bekje,
Prate mannich yn 'e sûs.

Ierappels, tige hege bulten,
Bestoppe ûnder reid en strie.
Trêdzje, rúze en beeagje,
Mar nimmen dy't de mjitte hie.

Mei de priis altyd fertúnlik,
Wachte meastal oan it lêst.
Hie in oar gjin moaie rapen,
Dan fertsjinne hy wer bêst.

Winterdeis, in liddich hoartsje,
Hie er slatters yn it wurk.
Grutte, swiere, mânske keardels,
Reade Roel en manke Durk.

Dan tsjin Roel, dy't stie te switten,
Sei er, tsjonge Durk dy docht it mar.
Minsken wat in hompen modder,
En it mantsje is oars mar toar .

Sape kroaske in eintsje fierder,
Sei tsjin Durk, no moast ris heare.
Altyd stikken ûnderweis,
Roel, dêr kinst noch wat fan leare.

Sa kaem Sape oan syn rykdom,
Bêste fruchten, in skeintsje lean.
Roel en Durk, die earme slatters,
Moasten yn it wetter stean.

Hege kranen , grutte gravers,
Swaaie no de fielden oer.
De boer en al dy warbre wrotters,
Lizze by de âlde toer.

Tsjummearum J.H.W