Sinterklaasjûn . . .

Lytse Laas en Grutte Gatse,
Tegearre meastentiids op paad.
Men sei dan yn 'e buorren,
De ien rint yn de oar syn skaad.

By master net de alderheechsten,
Dat koe har in bytsje skele.
Sieten fol mei frjemde fiten,
Koenen har sa deaferfele.

Heit stie deis yn 't grutte bûthús,
It measte wurk wie by de boer.
En nei de legere skoalle,
Kaam de measten dat ek oer.

De eagen skoden oeral hinne,
Seagen hja wat klompen stean,
Dan wat pik, om net te slykjen,
Meiïens wat stientsjes op 'e tean.

Simmerdeis, in skorút iepen,
En dêr tusken faek in doas.
Smieten dan it hûs fol stikels,
Altyd hienen se wat oars.

It rûn al nei desimber,
Men tochte al oan Sinterklaas.
By de bakker jûns oan 't sjoelen,
Om swietekou en speculaas.

De beide smychten, sa beslipe,
Gyngen jûns de goaten lâns.
Op de kloskes sieten mosken,
Skûlje, oant de oare moarns.

Fongen dan in stik of fjouwer,
Yn in doaske mei pompier.
Mei in toutsje dêr omhinne,
En it deksel op in kier.

Rôpen folk, by Feije en Fetsje,
Soenen dêr in grapke ha.
Dêr wienen trije grouwe katten,
Dienen gau de doar wer ta.

De ôfrin lit him wol begripe,
De mosken fleagen fuort omheech.
De âlde minsken, sa oeremis,
It doaske wie ek samar leech.

Alde Feije sa ferrifele.
Skeat daliks yn it mâlle fel.
Sloech mar mei de stôk yn’t wylde,
En helle ek de spegel del.

Oeral hie men sokke fiten,
Alles kaem doe ek net bleat.
Faken gie it o sa stikum,
En de dieder wist fan neat.

J.H.W
Tsjummearum