BOERELIBBEN

Seis jier lang en altyd rinne,
En doe gie de skoaldoar ticht.
Lytse Auke fan de Pôle,
Moast ek nei de boer, allicht.

Heit wie fêst, in bêste melker,
Alle wurk wie Willem treast.
It fee, dat gie foar alles,
Dat luts him noch it meast.

Op sneontejûn sei âlde Willem,
'k Wol der net om lige.
Mar sa't ik it sjoch,
Dan ha’k tefolle sinten krige.

It siet him wier net noflik,
Die lang om let de klompen oan.
It reinde dat it miigde,
Sa kaam er by de foarein oan.

De boer moast wol sa laitsje,
Sok waar en dan hjir hinne rinne.
Dy trije gûne hâlde jo mar,
Jo ha se wol fertsjinne.

Auke moast de frou ek helpe,
Wykliks, mei it swiere kleed.
Fleach dan op syn swarte sokken,
Troch it tsjêfhok as de weet.

De amers, oerrinnend fol mei wetter,
Helle hy dan út de saad.
It minske koe sa lametearje,
Moast net sa puozje op it paad.

Moarnsbetiid, om fjouwer oere,
In klompslach, op it houten blyn.
Hy moast de boer dan wekje,
En dy hie de smoar faak yn.

Kaam dan flokkend yn it bûthús,
Grutte gek, ik skrok my dea.
Neat allegear, sei Auke,
Jo ha 't wol oan de lea.

Winterdeis de skeaven terskje,
Mei de kneppel en de rôle.
Alle wurk dat moast er leare,
It jonkje fan de pôle.p> Hy samle yn it pikke donker,
In protte skeaven op ‘e golle.
Gie de boer de reed dan lâns,
Krige die se op ‘e holle.

Sa wie Auke altyd dwaande,
Stiiffol fiten, mar net gemien.
Heit hie it hâlden en it kearen,
Aanstens krigest ek noch dien.

Rûzich wie it boerelibben,
Mar alles hat in kear.
De boer dy’t flokte en ús Auke,
Dy binne der net mear.

Tsjummearum J.H.W.