Hannen

It is al in gewoante,
Us mem dy hat ús leard.
Brûk jim sûne hannen,
Dat is ommers noait ferkeard.

Net te tellen kearen,
Sette wy ús hannen yn.
Ek de slimste handikapte,
Sels al is dy dôf as blyn.

Wy klappe yn 'e hannen,
Ha it grif dan wol nei 't sin.
Rekords dy wurde brutsen,
Wat in minske dan net kin.

Ja, der wurdt ek wol ris knoffele,
En moat de foet of hân yn't gips.
Dan sjogge wy meast net sa fleurich,
It antlit stiet dan frij wat pipsk.

De plysje hie it murken,
Dat Jelle deis yn it ferkear.
Noait syn hannen brûkte,
Nee, dat koe sa wier net mear.

Op in dei, it rûn nei toalven,
Wie JeIle ek wer op 'e dyk.
De plysjeman moast it wol sizze,
Man, straks binne jo in lyk.

Jelle, tige ûnferskillich,
Wêr bemouije jo jo mei.
'k Gean al tritich jier dit paadsje,
Jier op jier en dei oan dei.

Op in kear in wite auto,
Mei dêrop it reade krús.
Binnenyn dêr lei ús Jelle,
In foet en hân, finaal oan grús.

De man fan de persoaneauto,
Die it net ferkeard
Mar Jelle, grutsk op 't âlde fytske,
Hie de auto ek net heard.

It hat doe tiden duorre,
Hy gie al wer nei't lân.
Dokter hie it hiel moai makke,
Mar JeIle hie in stive hân.

Tsjummearum 21-1-‘89
J.H.W.