Krysttiid

Miljarden dollars binne nedich,
Om de frede to biwarjen.
Alle lannen tige dwaende,
Om mear wapens op to garjen.

Miljoenen minsken gean yn kloften,
Rinne lange strjttten lâns.
Mei har leuzen en gebaren,
Jow dat helske túch gjin kâns.

Tûzenen hertforskuorde memmen,
Roppe ek út man en macht.
Lit de wrâld biwenber bliuwe,
Weitsje, oer ús neigeslacht.

Hiel it minskdom is sa skruten,
It bange nijs fan doar nei doar.
Elkenien de bea yn 't herte,
Fredich libje neist elkoar.

Yn it lang en fier forline,
Kaem in fredestichter oan.
It lytse jonkje, yn hwat doeken,
En wy neamden him Gods soan.

De hiele himel wie forljochte,
Troch in wûnder greate stjer.
In boadskip gie troch hiel de krite,
De fredestichter fyn’jim’dêr.

Dizze dagen binne tsjuster,
De minsken sjugge net sa blier.
Hwat sil ús de takomst bringe,
Hwat jout ús it nije jier?

Yn de mannich lêste dagen,
Jowt it Krystfeest ús dat oan.
Elkenien stiet by de Krystbeam,
En bitinke dan Gods soan.

Sil d 'r ea in boadskip komme,
Oan alle minsken op'e wrâld.
Net maer bang yn 't eigen herte,
Stride foar it sels bthâld.

De wapens del en altyd frede,
Krysttiid makket ús wer stil.
Soe d 'r einliks útkomst wêze,
Four eltsenien, fan goede wil?

Tsjommearum, Krysttiid 1981
J.H. W.