It jonkje…

Master hie gauris murken,
En tsjin syn âlders sein.
Piter dy koe wakker leare,
Hy hie wat yn syn boppeëin.

It wie no just ek net in boarter,
Stie op it plein meast tsjin ‘e muorre.
Kiuwde nea yn hege beammen,
Want dan koe syn broekje skuorre.

Dochs soe hy mar fierder leare,
En helle ek de B.B.S.
Alles gie net út ‘e romte,
Mar mem stie altyd op ‘e bres.

De direkteur joech har te rieden,
Har soan dy koe noch heger gean.
Technysk wie alhiel syn knobbel,
Yn Delft, dêr soe syn skoalle stean.

Dêr hie it mantsje net sa’n sin oan,
Jo wienen dêr op ’t frjemde mêd.
Studinten moasten oeren rinne,
Mei in hûntsje troch de stêd.

En der wienen ek wot guodden,
Ja, dat like nearne op.
Sûnder earne nei to freegjen,
Knipten se it hier jo fan 'e kop.

Mem gie ek nei de professor,
Sei, no moatte Jo ris heare.
Soks dat wol ús Piter net,
Dy wol hjir hwat leare.

De professor, goed en aardich,
Sei, mefrou it komt wol klear.
Jo soan wurdt as in bern behannele,
Net in minske docht him sear.

Piter, Mei twa grutte koffers,
Stapte út in lange trein.
Op it perron, yn dokters klaaiing,
Studinten mei in bernewein.

Sa kaam it slim bedoarne jonkje,
Yn in frjemde, grutte stêd.
Letter waard er ek professor,
Mei in holle, o sa glêd.

Tsjummearum J.H.W.