Tinkdei . . .

In jierdei docht jin altyd tinken,
Doe en dêr kaam ik te wrâld.
Telle dan de mannich jierren,
Binne wy dan al sa âld.

Elk hat ek de minne dagen,
Dat giet troch it hiele jier.
De iene dei fol lok en seine,
In oare tsjuster, tige swier.

De neisten binne ús ûntfallen,
Fûnen dat ek fierste gau.
Triennen om de alderleafste,
Itsij man sa wol as frou.

Kinne dan ek nea berêste,
It herte docht dan meast sa sear.
Gjin lûd of laits fan dat sa leaf wie,
't Gerdyn dat foel, it is net mear.

Fersette dan de stramme skonken,
Tinke altyd oan it juster.
De tiid skoot alles fierder,
Nei de ein yn ’t ierdske tsjuser.

Tsjummearum 12 dec. 1987
J.H.W.