De hazze . . .

Teunis Tip, al jierren koster,
Alle sneinen by de preek.
In gemoedlik, kantich mantsje,
Yn alles krekt en op 'e streek.

Ek syn kreas en himmel wyfke,
Altyd drok en yn it spier.
De tsjerke wie har alles,
Men koe wol ite fan ‘e flier.

Har jonge moast ek fierder leare,
Hie in ridlik goed ferstân.
Al soenen hja dêr krom foar lizze,
Dy kaam perfoarst net op it lân.

De boeren moasten hjerstmis jeie,
Gyngen wykliks troch it gea.
’t Wie fanâlds al in tradysje,
Mannich haske fûn de dea.

Yn de herberch noch wat plakke,
Mei wat iten, drank en bier.
Dêr skeat men ek noch mannich haske,
Balte, swetse en plezier.

Yn 'e trochreed, oan 'e kapstôk,
Einen, hazzen, ûnder it bloed.
En de moai oansketten jagers,
Seinen dat de fangst wie goed.

D'oare deis, neffens de regels,
Gie elk wer mei 't wurk te set.
Mar yn alle haast en drokte,
Fergeat men ek har dûmny net.

Dy krige faak in grouwe hazze,
Ja, dat wie men sa gewoan.
De boer dy brocht him by de koster,
Doch dy wie der glêd mei oan.

Wol faker die hy dan san sjoutsje,
Wie it ek sa sêd as grôt.
Rûn dan mei in deade hazze,
Mei it bloed noch oan 'e strôt.

Yn 'e skimer gie de koster,
Dy't noait in ekstra stuorke fong.
Smiet mei alle argewaasje,
De hazze, by dûmny yn 'e gong.

De hoeder skrok, wie sa ferbjust're,
Rôp de koster by de namme.
Dit koe dochs gjin kanten út,
As er him hjir net foar skamme.

Hy soe him manieren leare,
Rikte doe de hazze oan.
Theunis sei, hjir is in gûne,
Foarhinne ha jo noait wat hân.

Tsjummearum J.H.W.