It presintsje . . .

Reinders Geeske, krekt en handich,
Yn it kôkjen al sa'n baas.
Hie in boekwurk tastjoerd krigen,
Fan de leave Sinterklaas.

It hie har earstoan wat ferif’le,
Wa hie noch oan Geeske tocht.
Mar sa'n boekfol lekker iten,
Hie har wol oan ’t tinken brocht.

Skoften wie hja oan it blêdzjen,
It gerjocht mocht net te djoer.
It wie noch in hiele drokte,
En hoe moast it mei it fjoer.

Ek de slimme Frânske wurden,
Wie foar har sa frjemd en nij.
Dy moast hja yn in wurdboek fine,
It wie sa maklik net as brij.

It kaam sa krekt en op 'e skealjes,
Men moast it ek mar witte.
In leppel sus, in beker sa,
Alles op de juste mjitte.

Gjerrits Geiske moast sa laitsje,
Hja wenne yn deselde stege.
Dy hie al fan te foaren sein,
Fanke lea, wat silst bewege.

Geeske liet har net ferswetse,
Wat in oar koe, koe hja ek.
Men skuorde har net fan it hynder,
Al fûn Geiske dat mar gak.

It gerjocht út 't moaie boekje,
Kaam mar heal gear fan it fjoer.
Reinder sei, 't is net te iten,
En it wie noch ryklik djoer.

D' oare deis stie op 'e tafel,
Wer it âlderwetske miel.
lerappals, fleis mei sju en blomkoal,
Net wer fan dat frjemd gepiel.

Geeske wie mar wat bedond're,
Ja, se wie alhiel ferslein.
En har Sinteklaas presintsje,
Mar gau yn 't ûnderst laadsje lein.

Tsjummearum J.H.W.