Skoskejije…

Sneins koe mannich skoallejonge,
Him ōfgryslik deaferfele.
Stiellen woartels en ek rapen,
Fan wa, dat koe gjin mins wat skele.

Meastal wie der wol in bysfeint,
Dy ’t foarop yn ‘e keppel rūn.
Einen swalkje troch de fjilden,
Faak oant yn ‘e lette jūn.

Yn de iere maitiid,
By de ālde sleatten lāns.
Tochten dan in aai te finen,
Mar meastentiids gjin kāns.

Farre, mei de swarte preammen,
Uttocht ūnder tsjerketiid.
Wylst de dūmny stie te preekjen,
Driuwden hja al op it wiid.

Winterdeis, mei't fūle friezen,
It iis yn dobbe en 'e feart.
Makken hja oan grutte skossen,
In bytsje wurk, dat wie bar neat.

Jilles fan 'e bakker,
O sa linich en beret.
Fleach as wie 't in hazze,
Men berūn him net.

Ynze mei de noastergatten,
Wie de soan fan in gernier.
Sels syn alderbźste maten,
Fūnen him in klier.

Efter de ālde buorren,
Lei in lange, brede feart.
Dźr hie mannich knoffelich berntsje,
It earste preamkeskowen leard.

Alles lei yn grutte skossen,
En it soe mar heve.
Ynze sei, mei’t boarst foarśt,
Jim sine wat beleve.

De beide jonges hienen wedde,
En ek daliks śtbesteld.
Wa as earste oer de skossen,
Dy waard dan de held.

Goasse telde ta oan trije,
En de striid dy brānde los.
Mar midden op de glźdde skossen,
Waarden hja de klos.

Jilles fleach pardoes tsjin Ynze,
En it wie as yn in wonder.
Tagelyk mei klompen oan,
Gyngen hja doe kopke ūnder.

Men koe har by de lurven krije,
En alles wie ek goed beteard.
Sa gie dat yn it ferline,
Op in ālde grutte feart.

Tsjummearum J.H.W.