Boelguod

Wabe woe mar emigreare,
De hiele boel nei Kanada.
Hy hie in protte ālde rommel,
Moast dus wol in boelguod ha.

It nedige yn grutte kisten,
Hja hienen ek al fjouwer bern.
Koe einen yn ‘e takomst sjen.

Foar yn ’t doarp in leaf lyts spultsje,
Dźrop kaam syn jongste broer.
It gie net śt ‘e romte,
Mar dy naam ek spullen oer.

Kanada, dźr wie noch takomst,
Der koe in boer syn eigen wźze.
Net benepen en sa krap,
Sa koe men yn de kranten lźze.

Foar immen dy't dźr buorke,
Wie it jild goed hurd en geef.
Elkenien hie hast in auto,
Wie men thśs en wat op dreef.

Amearika en Kanada,
Foar mannichien in dream.
Alles wiid en rom en ryklik,
Dollars groeiden oan 'e beam.

Wabe hie in bult mei rūchte,
Biestoppe ūnder grutte twigen,
It like wat, ’t wie suver neat,
Heechśt in kroadfol hynstefigen.

Harmen Hikes seach sa'n niget,
Brūkte sels wat tsjerkelān.
Kocht ek noait net folle keunstdong.
Struide mei in krappe hān.

Keimpe kriel, mei alve geiten,
Altyd kriel en wālhea tōge.
Sei tsjin Harmen bźste man,
Keapje no in flitsebōge.

Jo Steane op it ekersein,
En binne altyd seker.
Sjit dan, mei de flitsebōge,
Die hynstefigen oer de eker.

Der waard noch tige lake,
Pabe kocht de bernewein.
Silst’noch oan de hynstehjouwer,
Waard der gnyskjend tsjin him sein.

Douwe Durkje naam de tobbe,
Mei in skurf en Sśtrich rak.
Sa krigen al dy brūkte dingen,
By in oar wer ūnderdak.

Seis minsken mei in grutte steamboat,
Op reis nei 't ūnbekende lān.
It libben yn it lytse doarpke,
Gie wer fierder en gewoan.

Tsjummearum J.H.W.