Protest

Alle dagen stean de blêden,
Fol mei opskuor en petear.
It minskdom ropt yn alle talen,
Wy nimme it net mear.

De wrâld is sa fersutere,
Bisten meie net mear poepe.
De aldergrutste trekkers,
By de minister op 'e stoepe.

Yn ‘e moaie Twadde Keamer,
Mei ek neat ûntbrekke.
Mei slimme wurden en petear,
Brekt men elkoar de nekke.

Wy moasten aloan fierder leare,
It soe ús dan ek better gean.
Hjoed de dei hat mannich minske,
In titel foar de namme stean.

Op grutte, hege skoallen,
Is men aloan mar te set.
Honger yn 'e earme lannen,
Mar dat hoecht net.

It gewaachs kin altyd better,
Noch mear iten fan 't pûnsmiet.
De túnkers hawwe ek fan alles,
Sparrebeantsjes sûnder tried.

It fleantúch en de skippen,
Geane rûnom hinne.
Mei de blommen en de fruchten,
Wer ’t de minsken ek mar binne.

Kompjûters en masinen,
Oan ‘e oarder fan ‘e dei.
Wurkeleaze minsken,
Wat moatte wy der mei.

Hja moatte ek al ite,
Fan it hjoeddeiske brea.
It gelearde jongfolk,
Kriget sa in luie lea.

Mei de hope en it leauwen,
Tochten wy de wrâld wurdt better.
Sjogge wy nei de T.V.
Dan giet alles op 'e kletter.

Der is in soad feroare,
Sûnt de twa út ’t Paradys.
It leit net oan de Skepping,
It minskdom, dát bliuwt eigenwiis,

Tsjummearum J.H.W.