It lyntsje . ..

Us foarteam hie it ek net maklik,
Sa seine wol myn mem en heit.
Hja moasten lâns it lyntsje.
Sa ’t men dan faken seit.

Lústerje nei de ferhalen,
Fan de krapte yn dy jierren.
Altyd yn swiere klompen rinne,
Mei de fuotten ûnder blierren.

Wypkje wie oan 't waskjen.
Hong alles op in lange line.
Brekt my net de hiele boel,
Fanke, ik koe wol grine

Draakjefleane, moai en keunstich,
Reinder, ien fan Martens Mine.
Withoeheech en einen fier ,
Oan in lange tinne line.

Douwe, dat wie in warber mantsje,
Makke earst de stiennen wiet.
Lei dan deis sa'n tûzen stiennen,
Kreas en jusjes by de tried.

Janke, al sa'n poerbêst fanke.
Woartelswjudde, op 't pûnsmiet.
Foar in oar de klean fersette,
Mei de nudle en de tried.

Foar it keatsen, brede linten,
Dêr moat de keatser tusken steam.
In sprekwurd seit it wol sa treffend,
Net bûten de perken stean.

Sport, net wei te tinken,
Alles moat hast lâns de line.
Tusken kryt en wite ferve.
Kin elkenien syn rjochten fine.

De kij, dy weidzje op it greidsje.
It gers dat smakket har sa swiet.
Hja geane moai bylâns it lyntsje,
Mei in skokje troch de tried.

In tillefoan dy't rinkelet.
Ek al hiel gewoan.
Hylke die it boadskip troch it lyntsje,
Kaam goed by Beppe oan.

By it ôfskied fan it libben,
Spant Berend noch in line.
En kin men nei ferrin fan tiid,
Noch it lêste rêstplak fine.

Tsjummearum J.H.W.