Wierheid

Alle dagen komt geregeld,
De post mei 't ien en 't oar.
Skoot dan meast reklame,
Yn ‘e bus of troch de doar.

Gau mar oan it skiftsjen,
Soms dan falt der ek in trien.
In roukaart lit ús witte,
Tetsje, is ek al hinnegien.

Ek in brief mei moaie segels,
Dy komt fest út Kanada.
In blauwe brief fan 'e belesting,
Dy moat grif wer sinten ha.

Sa'n biljet, net te begripen,
Foar allegear in útgekyn.
Underoan, de lêste rigel:
Jo folje dit nei wierheid yn!

Mannich folder, mei wat skriuwen,
Stypje dochs de trêde wrâld.
Stjoer ús sinten foar wat tekkens,
De minsken ha it dêr sa kâld.

As wy jûns oan tafel sitte,
It miel dat is al klear.
Sjogge op T.V. de honger,
Dan hoecht men al gjin iten mear.

De tige slimme sykten,
Yn it moai en sinnich lân.
De kreupelen, de blinen,
De stompkes komme op ús oan.

De swier tramtearre stumperts,
Sjogge ek noch blier.
Wy kinne der net omhinne,
De wurklikheid is wier.

Wy hawwe sels ek ús problemen,
Dat hat ús lantsje ek.
Minsken foar de ambassades,
Demonstrearje by it stek.

Yn 'e Twadde Keamer,
Komt ek de wierheid oan it ljocht.
Mei ferbazing kin men heare,
Hienen jo dat ek wol tocht?

Moat de minske foar de rjochter,
Dat is al sa dreech.
Jo sprekke hjir foaral de wierheid,
Stek twa fingers mar omheech.

Immen mei in hege funksje,
Komt men mei de Bibel oan.
De fingers heech, de hân op ’t boek,
In djoere eed, foar ’t folk en ’t lân.

Dokters sykje nei it firus,
Wolle ek de wierheid witte.
Altyd mar wer oare proeven,
Hja litte it der nea by sitte.

It libben is sa rûzich,
Wy binne oeral mei te set.
Sjogge savolle slimmichheden,
Sizze de hiele wierheid ek mar net.

Lige, skelle en birabje,
Der wurdt in soad bedobbe.
Mar by ’t einbislút,
Komt de wierheid dochs noch boppe.

Tsjummearum 29-16-1989
J.H.W.